Pick-up (autotype): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
 
Rigel 1:
[[File:Ford_F-150_crew_cab_--_05-28-2011.jpg|right|thumb|250px|In [[Ford Motor Company|Ford]] F-150 Supercrew pickup mei fjouwer doarren èn in laadbak.]]
In '''pick-up'''<ref>{{Berjocht:Frysk Hânwurdboek|1479}}</ref> of '''pick-uptruck''' (ek wol [[stavere]] as '''pickup''' en '''pickuptruck''') is in [[auto]]type dat omskreaun wurde kin as in [[persoane-auto]] mei fan efteren in iepen [[laadbak]] ynstee fan in [[kofferbak]]. De oantsjutting komt út it [[Ingelsk]], fan it [[tiidwurd]] ''to pick up'', dat "oppakke" of "oppikke" betsjut (d.w.s. om itjinge dat oppakt of oppikt wurdt te [[ferfier]]en yn 'e laadbak). De pick-up komt oarspronklik út 'e [[Feriene Steaten]].
 
Yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]] en [[Nij-Seelân]] steane alle pick-ups bekend ûnder de oantsjutting ''ute'' ([[útspr.]] likernôch "jûût"), dat in [[ôfkoarting]] is foar ''utility vehicle'' ("gebrûksfiertúch"). Yn 'e [[Feriene Steaten]] en [[Kanada]] wurdt ûnderskie makke tusken in pick-up, dy't faak wat swierder is en suver wat útskaait nei in licht [[frachtwein]]tsje, en in ''[[ute (auto)|ute]]'', dat dêr in 'gewoane' persoane-auto mei in laadbak is. Yn [[Súd-Afrika]] wurdt in pick-up troch [[memmetaal]]sprekkers fan alle [[talen]] oantsjut mei de [[Afrikaansk]]e namme ''bakkie''.