Jack Ruby: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 24:
 
===Libben oant 1963===
Jack Ruby waard yn [[1911]] yn [[Chicago]] berne as Jacob Leon Rubenstein, soan fan Joseph Rubenstein ([[1871]]-[[1958]]) en Fannie Turek Rutkowski, beide [[otterdoks joadendom|otterdokse joaden]] en beide berne yn [[Poalen]]. Ruby wie de fyfde yn in gesin mei acht (oerlibjende) bern, en hie in jonkheid fol [[skoaltsjeskûljen]] en [[jeugdkriminaliteit]]. As tiner rekke er oan 'e ''[[bookmaker]]''skant belutsen by it ôfsluten fan weddenskippen op hynsterinbanen, en yn 'e 1940-er jierren besocht er geduerich rinbanen yn yn 'e [[Amerikaanske steaten]] [[Illinois]] en [[Kalifornje]]. Yn [[1943]], ûnder de [[Twadde Wrâldoarloch]], waard er oproppen foar syn [[tsjinstplicht]], dy't er ferfolle as fleantúchmeganisiën op ferskate bases fan 'e [[Amerikaanske Loftmacht]] yn 'e Feriene Steaten. Syn steat fan tsjinst dêre wie sûnder lek of brek, en yn febrewaris [[1946]] waard er earfol ûntslein.
 
Nei syn tsjinsttiid kearde Ruby earst werom nei Chicago, mar in jier letter, yn [[1947]], ferfearen hy en syn bruorren nei it [[Teksas|Teksaanske]] [[Dallas]], dêr't se koarte tiid letter harren efternamme feroaren ta "Ruby". De reden dy't se dêrfoar opjoegen, wie dat se in [[postoarderbedriuw]] begûn wiene, en dat se bang wiene de klandyzje mis te rinnen fan lju dy't net mei Joaden omgean woene. Letter iepene Ruby yn Dallas ferskate [[nachtklub]]s, [[stripklub]]s en dûnspaleizen. Hy krige der ek goede bannen mei in grut part fan 'e pleatslike plysjes. Dy kamen del yn syn nachtklubs, dêr't er harren lette en sette, en soarge dat it har oan neat ûntbriek, wylst er fan gjin beteljen witte woe. Ruby troude nea.