Evangeelje fan Lukas: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 51:
De earste Fryske oersetting út it ''Evangeelje fan Lukas'' wie nei gedachten de fertaling fan 'e ''Likenis fan 'e Ferlerne Soan'' (''Lukas'' 15:11-32), dy't tusken [[1811]] en [[1815]] makke waard troch [[Everwinus Wassenbergh]]. Om [[1825]] hinne sette P. Boeles de earste tolve haadstikken fan ''Lukas'' oer, mar dy fertaling is neitiid by syn famylje wei rekke, en der restearje inkeld fragminten fan dy't yn [[1927]] troch dû. G.A. Wumkes publisearre waarden yn it tydskrift ''[[Yn ús eigen tael]]''. It hiele evangeelje ferskynde yn [[1879]] ûnder de titel ''It Ewangeelje fen Lucas, yn 'e fryske tael oerset'', fan 'e hân fan 'e ryksargivaris yn [[Fryslân]] en provinsjaal bibliotekaris [[Gerben Colmjon]] ([[1828]]-[[1884]]). Yn [[1913]] en [[1914]] waard der as in soarte fan [[fúljeton]] in nije oersetting fan ''Lukas'' fan 'e hân fan [[Gerben Postma]] en [[Pieter de Clercq]] útjûn yn ''Yn ús eigen tael''.
 
It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn [[1933]], yn in fertaling fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], deselden dy't yn yn [[1943]] ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting (in útjefte fan it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' yn opdracht fan it [[Kristlik Frysk Selskip]]). Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]], mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel]]. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan it ''Evangeelje fan Lukas'' waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch [[frisikus]] M.J. de Haan (en waard al apart útbrocht yn [[1971]], by wize fan proefoersetting). Lykwols kaam der yn [[1994]] in nije evangeeljefertaling út fan [[Wybren Jan Buma]] e.o., ûnder de titel ''De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=