Impala (antilope): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Pierlala (oerlis | bydragen)
No edit summary
klassiker
Rigel 4:
 
== Kenmerken ==
De impala is in slanke, middelgrutte antilope mei in lange nekke. De facht is readbrún of gielbrún fan kleur, ljochter op de skouders, de nekke en de kop en it ljochtst op it ûnderste diel fan de skoften. De ûnderside is wyt fan kleur, lykas de kiel, kin, boppelippe, [[wynbrau]]wen en it binnenste fan de earen. De top fan de earen is swart, krektas de noas. Ek rint der in fertikale streek fan de sturt oer it efterste, en in streek oer oer de boppeside fan fan de sturt. Op de efterpoaten, boppe de [[hakke]], sit in plom fan lang, swart hier. Der besteane ek swarte impala's, mar dy binne tige seldsum en wurde net folle yn it wyld sjoen.
 
Allinnich it mantsje hat hoarnen. Dizze hoarnen binne slank, lierefoarmich en swier ringe, en kinne mear as 90 sm lang wurde. Wyfkes hawwe gjin hoarnen. Se binne ek lytser as de mantsjes. De leeftiid fan de manlike impala kan oant op 5 jier presys fan ôfstân oan de foarm fan syn hoarnen ôflêzen wurde.