Aebingastate (Blije): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
L fl
Rigel 1:
[[Ofbyld:Blije Aebinga Ljouwerterdyk 2010.jpg|thumb|rjochts|200px|''Aebingastate (2010)'']]
[[Ofbyld:Blije Aebinga Ljouwerterdyk 2.jpg|thumb|rjochts|200px|''Aebingastate'']]
'''Aebingastate''' of '''Humaldastate''' stie oan de âlde wei nei nei [[Holwert]] noardwestlik fan [[Blije]] yn de gemeente [[Ferwerderadiel]]. Op it stee stiet no in pleats.
 
De oarsprong sil yn de [[14e iuw]] lein hawwe as stamhûs fan de yn de [[19e iuw]] útstoarne aadlike famylje Aebinga fan Humalda. Stamfaar wie Anloff Aebinga dy't sûnt 1419 fermelden waard. Syn soan Syurd Aebinga erve yn 1438 "Abingha statha ende huuss, stens ende stensweer mitter greft"; dy syn broer Tzalingh brocht it ta 22e abt fan [[Mariëngaarde]] (1427-1462). Syurd syn soan Anloff sluet him yn 1491 oan by it ferbûn mei de stêd [[Grins (stêd)|Grins]]; yn 1511 wie hy ferstoarn en wenne syn widdo "Saepck Aebingen" op Aebinga. De 134 pûnsmiet lân (± 45 hektare) dy't ta de state hearde brûkte hja sels.