Joe Jackson: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 11:
Fuort dêrnei wurdt it album Look Sharp! opnommen en yn 1979 útbrocht. Yn 1980 folgje de albums I'm the man en Beat Crazy. De Joe Jackson band wie tige suksesfol mei har albums en wie in populêre live band. De groep bleau lykwols net lang by elkoar en Joe die in stap werom út de wrâld fan pop en rock en naam in album mei âlde jazz en swingnûmers op.
 
Hy ferhuze nei [[New York]] dêr't er mei it idee spile om in pop-album op te nimmen sûnder gebrûk te meitsjen fan gitaren. Elkenien ferklearre him foar gek, omdat de gitaar oan't dat momint ít ynstrumint wie yn de popmusyk. Syn album Night and Day is lykwols in grut sukses (1982). It giet, lykas it it lettere Night and Day 2, oer it libben yn New York. It album jout in goed byld fan de ferskillende musykstilen en kultueren dy't op dat stuit yn de Big Apple libje.
 
Joe Jackson syn leafde foar guon klassike, symfoanyske muzyk is suver yn al syn albums wol werom te hearren en stekt yn de rin fan syn karriêre mei regelmaat prominint de kop op. It ynstrumintale Symphony No. 1 en it klassike album Will Power binne dêr foarbylden fan. In kommersjeel sukses waarden dy albums net, al waard Symphony No. 1 wol beleanne mei in Grammy Award foar it Bêste Ynstrumintale Pop Album. Op dat album is ûnder oaren de gitaarfirtuoas [[Steve Vai]] te hearren. Hy wie de ienige dy't by steat wie in 'ûnmooglik te spyljen solo' yn Jackson syn komposysjes út te fieren.