11.717
bewurkings
(omstav.) |
L (fl) |
||
Saakkundigen geane der oer it algemien fan út dat it Proto-Yndo-Jeropeesk oarspronklik sprutsen waard yn 'e [[Koeban (regio)|Koeban]], it gebiet benoarden de [[Kaukasus]], en yn 'e oangrinzgjende [[Kaspyske Leechflakte]]. Dy kontreien wurde sadwaande foar de ''Urheimat'' (it oarspronklike wengebiet) fan 'e [[Yndo-Jeropeänen]] oanmurken. Dêrwei soene hja har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf ferspraat hawwe oer [[Jeropa]], it [[Heine Easten]] en it [[Yndiaaske subkontinint]]. Dit wurdt de [[Kurgan-hypoteze]] neamd, en waard foar it earst foarsteld troch de [[Litouwen|Litousk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[archeologe]] [[Marija Gimbutas]], yn 'e jierren fyftich fan 'e [[tweintichste iuw]]. Dêrby wurdt oannommen dat it tiidrek dat it Proto-Yndo-Jeropeesk sprutsen waard, oant rûchwei 3500 f.Kr. rûn, doe't dy taal útinoar foel yn in tsiental dochtertalen (lykas it [[Proto-Germaansk]] en it [[Proto-Keltysk]]) dêr't neitiid de ûnderskate Yndo-Jeropeeske taalkloften (lykas de [[Germaanske talen]] en de [[Keltyske talen]]) wer út fuortkamen.
Wannear't it Proto-Yndo-Jeropeesk sels ûntstien is, dat is noch altyd ûndúdlik, krekt as út hokker taal oft it ûntstien is. Dàt
[[File:Skema Yndo-Jeropeeske talen.PNG|thumb|right|500px|In ferienfâldige skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje, mei inkeld de wichtichste talen en subgroepen werjûn.]]
|