Romeinske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Tekst by foto oars
L klassiker (en op dit mêd nei alle gedachten hjir wol it /pièce de résistance/)
Rigel 22:
De komst fan it [[kristendom]] betsjutte in grutte omkear foar it Ryk. Mei ynearsten swiere ferfolgings fan de kristenen omdat dizzen gjin godlike eare oan de keizers en de Romeinske goaden bewize woenen, waard it kristendom yn [[313]] troch Konstantyn erkend en yn [[392]] troch keizer [[Teodosius I]] sels oant [[steatsgodstjinst]] ferheft. Doe waarden de rollen omkeard en brutsen der foar net-kristenen swiere tiden oan.
 
== De ein fan fanklassikerfan it West-Romeinske Ryk ==
Yn de earste iuwen waarden der al folken opnommen yn it ryk mei de status fan [[foederaty]]. Fan de [[4e iuw]] ôf barde dat hieltyd faker. Benammen in protte Germaanske folken krigen tastimming harren te festigjen yn it Romeinske ryk. As [[foederaty]] krigen sy beskerming yn ruil foar militêre tsjinstferliening. Sy leveren helptroepen foar de legioenen en koenen opgong meitsje yn it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy’t letter yn opstân kamen tsjin Rome, lykas [[Arminius]], [[Julius Civilis]] en [[Alarik I|Alarik]] – begûn harren karriêre yn it Romeinske leger. De foederaty wienen ek net altyd betrouber, benammen de opstân fan de Fisigoaten yn [[395]] soarge foar yn protte oerlêst yn it ryk.