Magreb: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
 
Rigel 4:
Tradisjoneel waard de Magreb begrepen as de kuststripe fan noardwestlik [[Afrika]] by de súdkust fan it [[Westlik Bekken (Middellânske See)|Westlik Bekken]] fan 'e [[Middellânske See]] lâns, yn [[Tripolitaanje]] (it westen fan [[Lybje]]), [[Tuneezje]], [[Algerije]] en [[Marokko]], ynklusyf de kustflakten en it [[Atlasberchtme]]. Marokko tanket dêr syn namme oan; yn it Arabysk hjit it noch altyd fan ''al-Mamlakah al-Maġribiyah'', wat "Keninkryk fan it Westen" betsjut. Oarspronklik waard [[Moaren|Moarsk]] [[Spanje]] ek ta de Magreb rekkene, mar mei't dat sûnt [[1492]] net mear Arabysk is, falt dat der tsjintwurdich bûten. Letter waard de term "Magreb" yn bredere sin opfetten, as de hiele Arabyske wrâld bewesten [[Egypte]], dus mei [[Syrenaika]] (eastlik Lybje), de [[Fezzan]] (súdwestlik Lybje), [[Mauretaanje]] en de [[Westlike Sahara]] der ek by. Dêrmei waard it in namme dêr't hiel noardwestlik Afrika ûnder beflapt wurde koe.
 
De mienskiplike kultuer fan fan 'e Grutte Magreb is Arabysk, dêr't it him mei ûnderskiedt fan 'e lannen besuden de Sahara. Mar der binne ek dúdlike Berberske invloeden, dy't de kultuer oars meitsje as dy fan Egypte en de Arabyske lannen yn it [[Heine Easten]]. Yn [[1989]] is de [[Uny fan de Arabyske Magreb]] stifte. Dat is in ynternasjonale organisaasje mei as lidsteaten Marokko, Algerije, Tuneezje, Lybje en Mauretaanje, dy't stribbet nei de ferbettering fan 'e ûnderlinge relaasje fan 'e oangeande lannen (Marokko en Algerije, bgl. ferkearden hiel lang hast op foet fan oarloch). De oarspronklike ideeën stjoerden hast op in [[bûnssteat]] oan, mar de organisaasje stribbet op it stuit fral nei gearwurking op it mêd fan 'e hannel.
 
[[Kategory:Diel fan Afrika]]