FOXE Award: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 18:
De '''''FOXE Awards''''' (of '''''F.O.X.E. Awards''''') binne in trijetal [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] prizen dy't ienris yn it jier takend wurde foar de bêste [[pornoaktrise|pornoakteurs]]. Dizze prizen wurde útrikt troch de ''[[Fans of X-Rated Entertainment]]'' ("Fans fan Pornografysk Entertainment"), yn 'e regel ôfkoarte ta FOXE of F.O.X.E., in organisaasje fan pornofans dy't yn [[1990]] oprjochte is troch pornoakteur, -regisseur en -resinsint [[William Margold]] en pornoaktrise [[Viper (pornografysk aktrise)|Viper]]. Njonken it takennen fan 'e ''FOXE Awards'' set dy organisaasje him yn foar it [[rjocht op frijheid fan mieningsutering]] en striidt er tsjin [[sinsuer]] yn 'e [[Feriene Steaten]] op it mêd fan [[pornografy]]. De earste útrikking fan 'e ''FOXE Awards'' fûn plak op [[14 febrewaris]] [[1990]], as ûnderdiel fan 'e útrikkingsseremoanje fan 'e bekendere ''[[XRCO Award]]s''. Sûnt [[1991]] is der in selsstannige útrikkingsseremoanje; de yntree dy't dêrfoar heft wurdt, wurdt bestege oan anty-sinsuerkampanjes.
 
Der binne trije ûnderskate ''FOXE Awards'', dy't troch in stimming ûnder fans tawiisd wurde: ''male fan favorite'' ("manlike favoryt fan 'e fans"), ''female fan favorite'' ("froulike favoryt fan 'e fans") en ''video vixen'' ("fideokanjer"); dy lêste priis wurdt útrikt oan in (altyd froulike) nijynkommeling yn 'e pornoyndustry. Guon jierren wurde der noch inkele bykommende, spesjale prizen takend, lykas foar: fan fan it jier. In akteur of aktrise dy't trijeris in ''FOXE Award'' wûn hat, kriget de saneamde ''FOXE X Award'' en kin dêrnei net mear meitingje nei nije ''FOXE Awards''. Under de [[pornoaktrise]]s dy't in ''FOXE X Award'' wûn hawwe, binne [[Tera Patrick]], [[Nina Hartley]] en [[Jill Kelly]].
 
==Keppelings om utens==