George Harrison: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
jier yn ûnderskrift
L fl
Rigel 13:
Yn novimber [[1968]] waard de earste soloplaat fan Harrison útbrocht ûnder de titel ''Wonderwall Music''. In jier letter ferskynde ''Electronic Sounds'' wêrop Harrison mei de moog-[[synthesizer]] eksperimintearre. Neidat McCartney de Beatles yn april [[1970]] ferlitten hie gong elkenien syn eigen paad. Harrison sette útein mei in solokarriêre. Noch yn 1970 ferskine syn tredde album ''All Things Must Pass'', mei dêrop de grutte hit ''[[My Sweet Lord]]''. It is fuort in trijedûbel album: it is dúdlik dat Harrison hearre litte wol wat hy al dy jierren net kwyt koe op de Beatles-albums. 'All Things Must Pass' is in klassyk album fan de jierren 70. Neffens de measten soe hy letter, kwalitatyf besjoen, dat album ek net mear oertreffe.
 
As earste eks-Beatle makke hy yn [[1974]] in toernee troch de Feriene Steaten. Syn ynteresse foar easterske [[spiritualiteit]] brocht him oan de fuotten fan fan Yndiaaske [[goeroe]]s en dat hie syn wjerslach op de muzyk dy't hy komponearre. Mids jierren 60 bygelyks ferwurke hy al easterske ynstruminten lykas de [[sitar]] yn nûmers fan de Beatles (Lennons ''[[Norwegian Wood (This Bird Has Flown)]]'' (1965) en syn eigen ''[[Love You To]]'' út 1966). Letter trede er op mei de Yndiaaske musikus [[Ravi Shankar (musikus)|Ravi Shankar]].
 
Nei de moard op John Lennon yn [[1980]], makken de oare Beatles yn [[1981]] as earebetoan oan him mei inoar it nûmer it ''All Those Years Ago'', dat in hit waard yn de [[Feriene Steaten]]. It nûmer is skreaun troch George Harrison en stiet op it album ''Somewhere in England''.