Orlando Bottenbley: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 33:
Yn [[2006]] ferskynde in boek oer Bottenbley mei de titel ''Orlando Bottenbley en de wide poarte fan de Bethel''. It boek is in útjefte fan [[Utjouwerij Penn]] yn Ljouwert en is skreaun troch de Ljouwerter sjoernalist [[Gerko Last]]. Yn it boek besiket Last in ferklearring te jaan foar de groei fan de tsjerke fan Bottenbley. It tal leden wurdt alle moannen mei sa'n 40 grutter.
 
Op 13 oktober 2013 fierde Orlando Bottenbley syn 25-jierrich jubileum as predikant by de [[Frije Baptistegemeente Bethel]]. Yn de tsjinst waarden him de fersiersels dy't by by syn beneaming ta [[Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau]] hearre troch boargemaster [[Tjeerd van Bekkum]] fan [[Smellingerlân]] opspjelde. Dat feit waard bekritisearre, meidat de Betheltsjerke [[Homoseksualiteit|homoseksuële]] ferhâldingen en byinoar wenjen bûten it houlik ôfwiist.<ref>[http://www.lc.nl/friesland/regio/article16304593.ece/Kritiek-op-lintje-voor-dominee-Bottenbley- ''Kritiek op lintje voor dominee Bottenbley''], [[Ljouwerter Krante]], 15 oktober 2013</ref>
 
Yn april 2015 makke Bottenbley buorkundich dat er yn septimber 2016 ophâlde wol as predikant fan de Frije Baptistegemeente.<ref>[http://www.refdag.nl/kerkplein/kerknieuws/bethelkerk_drachten_zoekt_opvolger_voor_orlando_bottenbley_1_905244 ''Bethelkerk Drachten zoekt opvolger voor Orlando Bottenbley''], ''rd.nl'', 15 april 2015</ref> Goed in jier letter waard Jacob Folkerts fan [[Teksel]] as syn opfolger oanwiisd.<ref>[http://www.refdag.nl/kerkplein/kerknieuws/ds_folkerts_opvolger_van_ds_bottenbley_1_990994 ''Ds. Folkerts opvolger van ds. Bottenbley''], ''rd.nl'', 17 maaie 2016</ref>> Yn septimber 2017 swaaide Bottenbley definityf ôf as foargonger yn Drachten. Op dat stuit hie de tsjerke goed 4500 leden.<ref>[https://www.nd.nl/nieuws/geloof/roem-en-eer-zeggen-orlando-bottenbley-niets-meer.2793107.lynkx ''Roem en eer zeggen Orlando Bottenbley niets meer''], ''Nederlands Dagblad'', 16 septimber 2017</ref> Sûnt is Bottenbley trije dagen yn'e wike ferbûn oan baptistegemeente ''De Verbinding'' yn [[Amsterdam]].