Ferskil tusken ferzjes fan "Piter Feddes"

fl
(plaatsje)
(fl)
 
 
== Wurkpaad ==
Hy ferfear neffens [[Wopke Eekhoff|Eekhoff]] yn [[1612]] nei Ljouwert. Yn de wurken fan de Fryske skiedskriuwers, [[Martinus Hamconius|Hamconius]] en [[Pier Winsemius|Winsemius]], komme troch him gravearre platen foar. De measte fan syn gravueres toane tafrelen út de Bibelske skiednis en wrâldskiednis. Teffens makke er portretten, ûnder oarenoare dy fan [[Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg|Willem Loadewyk fan Nassau]], [[Hero van Inthiema]] en [[Johannes Bogerman]]. Der binne trije kaarten fan him bekend, fan Ljouwert, [[Frjentsjer]] en Fryslân.
 
Hy wie befreone mei [[Jan Jansz. Starter]], waarns ''Friesche lusthof'' (earste útjefte, 1621) er in [[oade (dichtkeunst)|lofdicht]] foar skreau. Ut in ynskrypsje ûnder dy oade ien ien ûnder in portret fan Bogerman kin opmakke wurde dat er ek keunstskilder wie (''Petrus Harlingenis ad vivum pinxit''; 'Piter fan Harns by libben skilder'). derDer binne lykwols gjin skiderijenskilderijen fan him bewarre bleaun. [[Johan Philip van der Kellen]] neamt lykwols njonken 117 gravueres ek 14 skilderijen fan syn hân, wêrfan't noch in stikmannich dêrop basearre gravueres besteane.
 
Piter Feddes syn wurk hat dat fan [[Jacob Adriaensz Backer]] beynfloede.<ref>[http://www.rkd.nl/rkddb/dispatcher.aspx?action=search&database=ChoiceArtists&search=priref=27497 Pieter Feddes van Harlingen] yn it [[Ryksburo foar Keunsthistoaryske Dokumintaasje|RKD]]</ref> Feddes' namme komt nei 1622 net mear foar, dat der wurdt oannaam dat er koart dêrnei ferstoar.
11.721

bewurkings