Bank (finansjele ynstelling): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L fl
Rigel 34:
:Sakebanken fiere foar bedriuwen de pleatsing fan [[oandiel (ekonomy)|oandielen]] en [[obligaasje]]s op in [[effektebeurs]] út. Se spylje ek in aktive rol by de [[fúzje]] en opspjalting fan bedriuwen. Sakebanken hannelje dêrnjonken, faak op risikofolle wize, foar eigen rekken. Bekende foarbylden binne it [[faillisemint|faillyt]] giene [[Lehman Brothers]] en [[Goldman Sachs]], beiden út 'e [[Feriene Steaten]].
*algemiene of universele bank
:Algemiene of universele banken binne banken dy't sawol konsumintebank as sakenbank binne. De measte grutte banken yn [[Jeropa]] hawwe tradisjoneel as algemiene banken funksjonearre. Om in hegere [[rintabiliteit]] te beheljen waard fan 'e [[1990-er jierren]] ôf by in in protte fan sokke banken mear de klam lein op 'e sakebankaktiviteiten. Mar om't ûnder de [[Bankekrisis]] bliken die dat it risikofolle sakebankieren in gefaar opsmiet foar de konsumintebankiersaktiviteiten fan deselde banken (d.w.s. de ynbrochte sparjilden fan minder fermogende klanten), is op ferskate bestjoerlike nivo's útsteld om sokke kombinearre banken op te spjalten yn in sakepart en in konsumintepart.
*[[offshorebank]]
:In offshorebank is in bank dy't kantoar hâldt yn in [[List fan lannen en territoaria|lân of territoarium]] dêr't de [[belesting]]druk en/of de regeldruk sa leech mooglik is. Fermogenden út oare dielen fan 'e wrâld bringe der har jild ûnder, faak om it beteljen fan belesting yn eigen lân te ûntrinnen. Bekende lannen en territoaria dêr't soksoarte banken har befine, binne [[Switserlân]], [[Lúksemboarch (gruthartochdom)|Lúksemboarch]], [[Jersey]], [[Guernsey]], [[Man (eilân)|Man]] en de [[Kaaimaneilannen]].