Transseksualiteit: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
L fl
Rigel 2:
'''Transseksualiteit''' (of mei in [[Ingelsk]]e term ''transgenderism'') is in foarm fan [[seksuële identiteit]] wêrby't men in konflikt ûnderfynt tusken jins fysike [[geslacht (sekse)|geslacht]] en jins [[geslachtsidentiteit]] (hoe't men jins geslacht psychysk belibbet). Hjirby fielt in man him dus eins frou, of fielt in frou har in man. [[Genêskunde|Medysk]] wurdt yn sokke gefallen faak de [[diagnoaze]] [[geslachtsdisfory]] stelt, benammen as it neamde konflikt sa sterk is dat men as in lid fan it tsjinstelde geslacht troch it libben gean wol.
 
Yn in jierrenlang proses kin mei [[hormoan]]terapy de lichemshúshâlding dusdanich oanpast wurde, dat men fysyk mear op it winske geslacht begjint te lykjen. Uteinlik liedt sa'n proses tsjintwurdich faak ta in [[geslachtsferoaring]]soperaasje. Hjirby wurdt faak sprutsen fan pre-operative en postoperative transseksuëlen; "pre-operatyf" wol sizze dat men al libbet as in lid fan it winske geslacht, mar dat men noch gjin geslachtsferoaringsoperaasje ûndergien hat, wylst mei de term "postoperatyf" oantsjut wurdt dat der àl in in geslachtsferoaringsoperaasje plakfûn hat.
 
Transseksualiteit stiet yn prinsipe folslein los fan [[seksuële oriïntaasje]] (de foarkar dy't men hat foar seksuële partners fan it iene of oare geslacht). Want om't immen dy't as man berne is himsels in frou fielt en ek frou wurde wol, wol dat noch net sizze dat er himsels ek seksueel oanlutsen fielt ta manlju.