Sûterrên: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mysha (oerlis | bydragen)
Ik haw der in keppeling nie it wurdboek bymakke.
L fl
Rigel 3:
 
==Beskriuwing==
In sûterrên yn in [[hûs|wenhûs]] hat gauris in leech [[plafond]] en is foarsjoen fan mar lytseftige [[finster]]s, dy't tsjinje foar it talitten fan [[ljocht|deiljocht]] en eventueel [[lucht|frisse lucht]]. It setten infan in hûs mei in sûterrên wie yn it [[ferline]] faak in foardieliger en praktysker oplossing as it bouwen fan in hûs mei in [[kelder]] hielendal ûnder de grûn. It sûterrên fan in [[hearehûs]] wie faak foarsjoen fan in grutte [[koken]] en in pear lytsere ferbliuwsromtes foar it [[tsjinstfolk]]. De efterkant fan in sûterrên kin eventueel oanslute op in ferdjippe [[tún]]. Soms waarden sûterrêns ek brûkt as [[wurkplak]] of as [[opslach]]romte; sa'n sûterrên neamt men yn [[Amsterdam]] ek wol in ''onderstuk''.
 
By in hûs mei in sûterrên is der almeast gjin dúdlike [[begeane grûn]] oan te wizen, mei't dy op 'e hichte fan it meanfjild heart te lizzen. By huzen mei sûterrêns soe de begeane grûn him dus heal yn it sûterrên en heal yn 'e ferdjipping dêrboppe befine. De twadde [[etaazje|boulaach]], direkt boppe it sûterrên, hjit dêrom net de begeane grûn, mar de [[bel-etaazje]]. Dêr komt de [[foardoar]] yn 'e regel op út, mei in steatlik [[stien]]nen [[trep]]ke om 'e besikers fan it [[strjitte|strjitnivo]] omheech te bringen nei it nivo fan 'e bel-etaazje. It kin ek dat de bel-etaazje en it sûterrên ferskillende wenten binne; it sûterrên is dan net (of net inkeld) út it gebou wei te berikken, mar mei in trepke omleech fan it strjitnivo nei in eigen foardoar.