Oprah Winfrey: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L fl
Rigel 49:
Njonken har praatprogramma wie Winfrey ek al fanôf mids jierren tachtich aktyf as [[aktrise]], [[tillefyzje]][[regisseur]], [[senarioskriuwster]] en [[tillefyzje]]- en [[film]]produsinte. Sa spile se yn [[1985]] ien fan 'e haadrollen yn 'e film ''[[The Color Purple (film)|The Color Purple]]'', fan regisseur [[Steven Spielberg]], wêrfoar't se nominearre waard foar in ''[[Oscar]]'' yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. Teffens produsearre se de [[minysearje]] ''[[The Women of Brewster Place (minysearje)|The Women of Brewster Place]]'', út [[1989]], dêr't se ek ien fan 'e haadrollen yn fertolkte. Sûnt dy tiid hat se by- en gastrollen hân yn tsientallen films en tillefyzjesearjes, gauris as harsels. Mei oaren stie se oan 'e widze fan 'e frouljustillefyzjestjoerder ''[[Oxygen (telefyzjestjoerder)|Oxygen]]'', en ek hat se in eigen produksjebedriuw, dat fan ''[[Harpo Productions]]'' hjit (''Harpo'' is "Oprah" efterstfoarst stavere). Fierders hat Winfrey ek wurke as [[stimaktrise]], wêrby't se û.m. Gussie de Goes spile yn ''[[Charlotte's Web (film út 2006)|Charlotte's Web]]'' ([[2006]]), en yn [[2005]] produsearre se in [[Broadway]]-[[musical]] dy't basearre wie op ''The Color Purple''.
 
Winfrey hat (mei oaren) fiif [[boek]]en skreaun, wêryn't se gauris [[autobiografy]]ske eleminten ferwurke hat. Yn [[2005]] krige se foar it skriuwen fan in boek oer ôfslankjen, dat se skriuwe soe mei har persoanlike trainer [[Bob Greene]], troch de [[útjouwer]] in bedrach foarôf bean dat nei't der grute wurdt it heechste út 'e Amerikaanske skiednis wie, in rekôr dat foartiid yn 'e hannen wie fan âld-presidint [[Bill Clinton]], foar dy syn autobiografy. Sels jout Winfrey in tige goed ferkeapjend eigen [[tydskrift]] út, dat fan ''[[O, The Oprah Magazine]]'' hjit. Tusken [[2004]] en [[2008]] wie hja ek útjouwer infan in twadde tydskrift, ''[[O at Home]]''. Fanôf [[2006]] hat Oprah fierders ek in eigen [[radio]]stasjon, ''[[Oprah Radio]]''.
 
===Ynfloed===