Ferskil tusken ferzjes fan "Skathâlder"

3 bytes lytser ,  4 moannen lyn
L
fl
(nije side)
 
L (fl)
 
In '''skathâlder''' of '''ponghâlder''' (ek wol ''penningmaster'' neamd, hoewol't dat eins in [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]] is) is immen dy't de finânsjes beheart as lid fan it deistich bestjoer fan in [[organisaasje]], lykas in [[feriening]], [[stifting]], [[kommisje]], [[komitee]], [[politike partij]], [[ynternasjonale organisaasje]] of [[steat]]. Yn it meast gongbere gebrûk fan dizze term giet it om in funksje yn it bestjoer fan in lytsskalige organisaasje, lykas in [[feriening foar doarpsbelang]] of in [[biljerten|biljertklub]]. By sokke organisaasjes bestiet it deistich bestjoer út in [[foarsitter]], in [[sekretaris]], in skathâlder en eventueel in [[fise-foarsitter]] en ferskate algemiene leden.
 
De ferantwurdlikheden fan in skathâlder omfiemje ornaris it behearen fan 'e [[bankrekken]] en de [[kas]] fan 'e oangeande organisaasje; it opmeitsjen fan in in [[begrutting]] foarôfgeande oan in beskate perioade; it opmeitsjen en presintearjen fan in [[finansjeel ferslach]] oan 'e ein fan in beskate perioade (bgl. yn 'e foarm fan in [[jierferslach]] of in [[jierrekken]]); en it behearen en útfieren fan ûntfangsten en útjeften. Soms wurde de funksjes fan in skathâlder kombinearre mei dy fan in [[sekretaris]], ta in 'sekretaris-skathâlder'.
 
[[Synonym|Synonimen]] foar skathâlder binne de termen [[tesaurier]], [[fiskus]], kassier en kweestor (froulik: kweestriks). Yn 'e [[gilde]]n hiet in skathâlder eartiids in [[busmaster]]. Binnen it [[Nederlânsk Ministearje fan Finânsjes]] bestiet de funksje fan [[tesaurier-generaal]], waans [[hantekening]] men op [[papierjild]] weromfine kin dat útjûn is troch of yn opdracht fan 'e [[Nederlân|Nederlânske steat]].
11.704

bewurkings