Animisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 40:
Sels by de [[Atjeeërs]] fan noardlik [[Sumatra]], dy’t bekendsteane om harren strang islamityske tradysje, hat it leauwen yn beam-, saad-, rots- en stiengeasten de iuwen oerlibbe, sadat dat ek no noch in part fan it deistich libben útmakket. Ek wurdt der noch leaud yn kweageasten, dêr’t fan sein wurdt dat se benammen yn ’e skimering tige aktyf en gefaarlik binne.
 
Itselde jildt ek foar it offisjeel islamityske [[Java]]. Want hoewol’t de grutte mearderheid fan ’e [[Javanen]] - yn alle gefallen nei bûten ta - de Islam oanhinget, bestiet ek noch hieltiid de preïslamityske Javaanske religy, de ''Agama Jawa'', dy't in in gearmjoksel is fan animisme, [[foarâldenferearing yn natoerreligys|foarâldenferearing]], [[fetisjisme]], [[sjamanisme]], Hindoeïsme en Boedisme mei islamityske ynfloeden. De Agama Jawa omfettet it leauwen yn geasten, godheden en magy en it útfieren fan in grut ferskaat oan rituëlen. Hoewol’t de opmars fan ’e Islam derfoar soarge hat dat sokke leauwensoertsjûgings faak bespot wurde en dat guon eleminten fan ’e Javaanske religy ferdwûn binne, hâlde in protte Javanen der noch oan fêst, benammen yn [[East-Java]] en op it plattelân.
 
Oan ’e hoven fan ’e Middenjavaanske keninkriken wie de goadinne Nyai Loro Kidul (“de Keninginne fan ’e Súdsee”) as bringster fan macht en wolfeart de wichtichste godheid. Tradysjoneel sleaten de foarsten fan [[Yogya]] en [[Solo]] sels in spiritueel houlik mei har. Ek de hjoeddeiske ''susuhunan'' fan Solo besiket noch op fêste tiden [[Parangtretes]] oan ’e súdkust, dêr’t er troch [[meditaasje]] kommunisearret mei Nyai Loro Kidul. Fierders wurde der noch elts jier grutte rysoffers út ’e [[kraton]]s fan Yogya en Solo nei de see brocht.