Dossier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L fl
 
Rigel 1:
In '''dossier''' (útspr.: [dɔ'ʃe:], "dos-sjee", fan it [[Frânsk]]e ''dossier'') is in samling [[papier]]ren [[dokumint]]en en oar boarnemateriaal wêryn't detaillearre [[ynformaasje]] oer in in beskaat ûnderwerp of in beskate persoan werjûn wurdt. Sokke dokuminten waarden foarhinne yn 'e regel gearbrocht yn in [[dossiermap]], dy't faak wer yn in [[dossierkast]] opburgen waard. As de ynformaasje ferâldere rekke of de [[organisaasje]] dy't it dossier oanlein hie neat mear mei de persoan yn kwestje te krijen hie, waard it dossier ôffierd nei in fysyk, papieren [[argyf]], dêr't it faak noch in fêste perioade bewarre waard (meastal fiif, tsien of fyftjin jier), foar't it úteinlik ferneatige waard. Hjoed oan 'e dei wurde dossiers meast [[kompjûter|digitaal]] oanlein. Dat hat as foardiel dat se makliker mei alle belanghawwenden te dielen binne, mar it neidiel is dat [[privacy]]gefoelige ynformaasje no folle makliker útlekt. Fierders is no ek net mear te kontrolearjen oft in dossier wier ferneatige is, of dat de ynformaasje noch earne yn 'e digitale romte omswalket.
 
{{boarnen|boarnefernijing=