Henry David Thoreau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 8:
[[Ofbyld:Walden-winter.jpg|thumb|De ''Walden Pond'' by't winter]]
 
Op [[4 july]] [[1845]] sette Thoreau útein mei in eksperimint om ienfâdich te libjen dat twa jier duorje soe. Hy sette him nei wenjen inyn in selsboud hûske yn de bosk oan de igge fan de Waldenmar (''Walden Pond''), in pear kilometers fan syn famylje en kunde yn Concord. Op [[6 septimber]] [[1847]] feliet er Walden en gie er by syn freon en mentor Ralph Waldo Emerson en syn famylje yn. Thoreau wegere [[1846]] om belesting te beteljen, omdat hy tsjinstanner fan de [[Meksikaanske Oarloch|oarloch]] tusken de Feriene Steaten en [[Meksiko]] wie<ref>[http://thoreau.eserver.org/theory.html Lawrence Rosenwald: The Theory, Practice & Influence of Thoreau's Civil Disobedience]</ref> en as protest tsjin de slavernij. Hy waard dêrfoar letter in skoft fêstset, oars troch syn freon [[Sam Staples]], dy't belestingûntfanger wie. Tegearre mei [[Abraham Lincoln]] wie hy de iennige Amerikaan dêr't fan witten is dat er tsjin de kriich wie. Hy hat it barren beskreaun yn de populêre ferhanneling ''Civil Disobedience'' ('Boargerlike Oerhearrigens'), in geskrift dat letter ûnder oaren [[Leo Tolstoy]], [[Mahatma Gandhi]] en [[Martin Luther King]] ynspirearre hat.
 
Yn [[1854]] publisearret hy ''Walden; or, Life in the Woods''; dêryn ferhellet hy oer de twa jier en twa moannen dy't er oan de Waldenmar trochbrocht hie. It boek beskriuwt it barren as hie it ien jier duorre. De seizoenen hawwe ek in synmboalyske funksje yn it wurk. ''Walden'' is foar in part memoires, hat in soad feitlike ynformaasje oer de natuer om de mar, mar in protte fan de ynhâld kin ek synboalysk opfette wurde. Thoreau hat der njoggen jier oer dien om it boek te skriuwen. De Nederlânske arts [[Frederik van Eeden (skriuwer)|Frederik van Eeden]], dy't [[1898]] by [[Bussum]] de koloanje [[Walden (koloanje)|Walden]] oprjochte hie, joech it boek fan Thoreau yn [[1894]] yn it Nederlânsk út, en skreau der in foarwurd foar.