Vostok 1: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L fl
Rigel 4:
 
== Missybeskriuwing ==
De flecht wie folslein automatysk, de bestjoeringynstruminten wienen blokkearre. Gagarin hie in koade inyn in fersegele slûf, dêr't er yn needgefallen, nei tastimming fan de flechtlieding, de bestjoeringsynstruminten deblokkearje koe. Dochs wie de koade, "325", gjin geheim foar Gagarin. Foarôfgeand on syn lansearring hiene in technikus en [[generaal]] Kamanin him de geheime koade al ynskune<ref>Smolders, P. (2007) ''In het spoor van Spoetnik''. Amsterdam: House of Knowledge</ref>.
 
De lansearring ferrûn sûnder problemen en nei 10 minuten kaam it Vostok [[romtefartúch]] los fan de draachraket. In grut gedielte fan de [[baan (himellichem)|baan]] lei oer wetter. Nei it ferlitten fan [[Aazje|Aziatysk]] kontinint stuts de Vostok diagonaal de [[Stille Oseaan]] oer en fleach om de súdpunt fan Súd-Ameerika om dêrnei diagonaal de [[Atlantyske Oseaan]] oer te stekken. Op'e hichte fan [[Angoala]] fleach de Vostok wer boppe lân en waard de [[Raket (apparaat)|remraket]] ûntstutsen.