Nijgh & Van Ditmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
 
Rigel 26:
 
==Skiednis==
Nijgh & Van Ditmar ûntstie doe't yn [[1864]] [[Henricus Nijgh]] en [[Willem Nicolaas Josua van Ditmar]] de lapen gearsmieten. Nijgh wie wie yn [[1837]] al in útjouwerij begûn, wêrmei't er û.m. ferantwurdlik wie foar de publikaasje fan 'e ''[[Nieuwe Rotterdamsche Courant]]'' (NRC). De earste jierren nei de fúzje ferskynden ek de boeken fan it nije bedriuw noch ûnder de namme Nijgh; pas yn [[1870]] krige de útjouwerij syn moderne namme. Yn [[1908]] waard de [[firma]] omfoarme ta in [[namleaze fennoatskip]].
 
Fan oarsprong wie de útjouwerij fêstige yn [[Rotterdam]], mar nei't it sintrum fan dy stêd op [[14 maaie]] [[1940]] troch de [[Dútslân|Dútsers]] platbombardearre wie, en [[Doeke Zijlstra (útjouwer)|Doeke Zijlstra]], ien fan 'e direkteuren, dyselde deis troch in Dútske slûpskutter deasketten waard, makke it bedriuw ûnder lieding fan 'e oerbleaune direkteur [[J.Th. Piek]] in trochstart fanút de dochterfêstigings yn [[De Haach]] en [[Foarburch]].