Aleksander II fan Ruslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L fl
Rigel 8:
Hy sette feroarings troch yn it [[ûnderwiis]]. Tanksy him waarden yn de jierren sechtich fan de 19e iuw nije universiteiten oprjochte. Nettsjinsteande syn herfoarmingen yn it ûnderwiis bleau it [[analfabetisme]] yn Ruslân relatyf sjoen heech (sa. 80%). Tusken [[1867]] en [[1869]] fierde hy tsjerklike herfoarmingen troch. De oplieding fan de geastliken waard ferbettere en it tal prysters waard werombrocht. De ''tsaar-befrijder'' makke in ein oan it hanneljen nei eigen goedachtsjen fan de [[burokrasy]] en de polysje. Sa feroare Ruslân stadichoan fan in plysjesteat yn in [[rjochtssteat]] neffens Europeesk model.
 
Nei de twadde Poalske opstân yn [[1863]], dy't hy hurdhandich delslagge, waar syn polityk behâldender. Under syn bewâld hat Ruslân in grutte gebiedsútwreiding trochmakke, benammen yn Aazje. De tsaar betwong de opstannige stammen op 'e [[Kaukasus]]. Syn belied wie wie út en troch tsjinstridich, sadat de konservativen him te liberaal fûn, wylst de liberalen him wer te konservatyf fûn. De tanimmende oanslaggen fan de [[nihilisme (politike streaming)|nihilisten]] beantwurde Aleksander mei hurde plysjemaatregels. Teffens liet er lykwols in soarte fan konstitúsje mei fertsjintwurdiging fan de zemstvo's by it regear ûntwerpe. Deis nei't er dat plan goedkart hie, waard er nei seis earder mislearre oanslaggen it slachtoffer fan in bomoanslach troch de revolúsjonêre [[Narodnaja Volja]]. Hy rekker swier ferwûne en stoar nei in kertier. Hy waard opfolge troch syn soan, de konservativere [[Aleksander III fan Ruslân|Aleksander III]], dy't by it ferstjerren fan Aleksander II wie. Dy [[moard]] hie fan gefolgen dat de nije tsaar it plan foar de nije konstitúsje ferskuorde.
 
Op 13 septimber 1855 waard Alekander II ta Grutkrus yn de [[Militêre Willems-Oarder]] beneamd. [[Willem III fan de Nederlannen|Kening Willem III]] beneamde yn itselde beslút ek Keizer [[Napoleon III]] ta Ridder-Grutkrus. De beide keizers wienen fijannen yn de [[Krimoarloch]]; Nederlân wie neutraal.