Dee Brown: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Werom sette fan ferzje 993956 fan Special:Contributions/Wutsje (Meidogger_oerlis:Wutsje) in fan fan it honkbalteam...
Lebel: Weromsetting
Rigel 25:
 
==Libben==
Dee Brown waard op [[29 febrewaris]] [[1908]] berne yn it houtseagerijstedsje [[Alberta (Louisiana)|Alberta]], yn 'e [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Louisiana]], mar groeide op op it plattelân fan [[Ouachita County (Arkansas)|Ouachita County]], yn [[Arkansas]], dêr't om syn trettjinde hinne [[ierdoalje]] fûn waard. Mei syn mem Lula Cranford Brown en syn broer en beide susters ferfear er letter nei de Arkansaanske haadstêd [[Little Rock (Arkansas)|Little Rock]], om't dêr better ûnderwiis beskikber wie. Brown wie al ier in boekige jonge, en yn Little Rock waard de iepenbiere bibleteek foar him in twadde thús. Hy ûntwikkele in fassinaasje foar de skiednis fan it [[Wylde Westen]] dy't him syn libben lang bybliuwe soe. As grut fan fan it [[honkbaltiim]] de ''[[Arkansas Travelers]]'' kaam Brown as opslûpen jonge yn 'e kunde mei de goaier [[Moses J. Yellow Horse]], dat in [[Yndianen|Yndiaan]] wie. De freonlikens fan dy man, en in kammeraatskip út Brown syn jonkheid mei in [[Kriik (folk)|Kriik]]-jonge, makke dat er it byld fan 'e Yndianen as gewelddiedige en barbaarske wylden, sa't dat út 'e tradysjonele ferhalen oer it Wylde Westen nei foarren kaam, fersmiet.
 
Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, krige Brown baantsjes as [[drukker]] en [[sjoernalist]] yn [[Harrison (Arkansas)|Harrison]], mar hy besleat om fierder te learen oan it ''Arkansas State Teachers College'' yn [[Conway (Arkansas)|Conway]], dêr't er [[skiednis]] studearre. In bybaantsje yn 'e bibleteek dêre oertsjûge him derfan om bibletekaris te wurden, dat midden yn 'e [[Krisisjierren]] sette er ôf nei [[Washington, D.C.]], om dêr oan 'e [[George Washington Universiteit]] ôf te studearjen. Yn 'e Amerikaanske haadstêd trof er Sally Stroud, dy't ek oan it ''Arkansas State Teachers College'' studearre hie, en mei wa't er úteinlik troude. Yn [[1934]] fûn er wurk as bibletekaris foar it [[Amerikaansk Ministearje fan Lânbou|Amerikaanske Ministearje fan Lânbou]], dêr't er oant [[1942]] bliuwe soe.