Albert Egges van Giffen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Steen Van Giffen bij D49.JPG|rigth|thumb|200px|tinkstien by De Papeloze Kerk]]
'''Albert Egges van Giffen''' wie in nederlânskNederlânsk [[argeology|argeolooch]] ferbûn oan de [[Ryksuniversiteit fan Grins]]. Mei syn ferneamde ûndersyk nei [[terp|terpen]] yn Noard-Nederlân en de [[hunebêden]] yn [[Drinte]] waard it fûndemint lein foar de moderne Nederlânske argeology.
 
Van Giffen waard berne op [[14 maart]] [[1884]] yn [[Noardhoarn]] as soan fan in herfoarme dûmny, en groeide op yn [[Diever]]. Nei it gymnasium begûn der oan in stúdzje plant- en dierkunde yn Grins.
Rigel 10:
 
===Fryslân===
Yn [[Fryslân]] ûndersocht Van Giffen ûnder oare de oerbliuwsels fan it kleaster [[Klearkamp]] by [[Rinsumageast]]. Op guon grêffjilden út de betide Midsieuwen yn 'e omkriten fan Dokkum wie Van Giffen in bekende ferskining. Yn 'e tritiger jierren wie de professor belutsen by de archeologyske aktiviteiten by de grêfheuvels yn de Stellingwarfen. Tidens de [[Twadde Wrâldkriich]] hiene de alderearste bewennersspoaren yn de Fryske terpen de oandacht fan Van Giffen. Op basis fan syn gegevens koe letter de komôf fan de Friezen fêststeld wurde. Kontakten wiene der mei de Fryske argeologen [[H.J. Popping]], [[H. Halbertsma]] en [[P.C.J.A. Boeles]].
 
== Hunebêden ==
Rigel 16:
[[Ofbyld:Hunebed D49 Schoonoord 1.JPG|rigth|thumb|200px|De Papeloze Kerk]]
Yn [[1917]] waard Van Giffen ek oanstelt as konservator fan it [[Drints Museum]] yn Assen. Van Giffen hat yn dy tiid in protte opgravings dien by de hunebêden en hat ek in protte restaureare. Ek makke hy in ynventarisaasje fan alle noch besteande hunebêden yn Drinte. Yn 1928 publisearre hy hjiroer in boek dat noch altiten as in standertwurk oer de hunebêden sjoen wurd. <br>
Van Giffen bleau syn hiele libben belutsen by de hunebêden. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] hat der bygelyks de stiennen fan D53 by [[Havelte]] tydlik fuorthelle om't de dútsers dêr in fleanfjild hawwe woene, nei de oarloch koe Van Giffen de stienen wer tebeksette op it oarspronklike plak sadat dit hunebêd ek noch hieltiten te besjen is.<br>
Foaral yn de jierren fyftich en sechtich hat Van Giffen in protte hunebêden restaureare en noch ferskate opgravings dien. In bekend hunebêd is ek de [[Papeloze Kerk]], dit hunebêd by [[Schoonoord]] wie net folle fan oer. Van Giffen hat doe mei stiennen fan in twadde hunebêd dat net folle mear wie, in rekonstruksje makke hoe at in hunebêd der eartiids mei dekheuvel út sjoen hat. In part fan de dekheuvel is weilitten om de opbou fan it hunebêd sjen te litten.
 
Rigel 30:
 
==Literatuer==
* Hunebedden, Monumenten van de Steentijdcultuur, E. van Ginkel, S Jager en W. van der Sanden, ''Hunebedden, Monumenten van de Steentijdcultuur'', Uniepers Abcoude (2005).
 
==Keppeling om ûtens==