Ferskil tusken ferzjes fan "Marten Toonder"

L
fl
L
L (fl)
 
Marten Toonder waard berne yn Rotterdam. Hy makke kennis mei strips troch de [[comic]]s dy't syn heit Marten Toonder Sr., dy't seekaptein wie, út de [[Feriene Steaten]] meinaam. Nei syn HBS-eineksamen makke hy in seereis. Hy gie tegearre mei syn heit nei [[Argentynje]] ta, dêr't hy yn [[1931]] de assistint fan [[The Walt Disney Company|Disney]]-[[striptekener]] [[Dante Quinterno]], Jim Davis moete. Hy rekke ynspirearre om sels strips te tekenjen en gong nei de de Rotterdamse kunstakadeemje, mar ferliet dy al wer gau.
 
Yn [[1935]] troude hy mei Alfine Kornélie Dick, in buorfamke út syn jeugd, dy't as as [[Phiny Dick]] sels ek strips tekene en skreaun hat; ek hat sy Marten holpen om teksten te betinken foar syn strips.
[[Ofbyld:ToonderMonument.jpg|thumb|Toonder-monumint Rotterdam]]
Marten rjochte [[Toonder Studio's]] op, in bedriuw dat films en reklame produsearre. Yn [[1964]] ferhuze hy mei syn frou nei [[Greystones]], yn Ierlân, om him folslein oan it striptekenjen te rjochtsjen. Hy besaude him dat it Ierske lânskip hiel bot like op wat hy al jierren yn syn Bommel-strips tekene hie.
11.704

bewurkings