Aldsaksysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
 
Rigel 25:
 
==Oerlevering==
It Aldsaksysk is oerlevere fanôf de [[njoggende iuw]], ôfsjoen fan in [[Aldsaksysk doopûnthjit|doopûnthjit]] út 'e [[achtste iuw]]. Yn dat doopûnthjit, dat brûkt waard om 'e [[heidendom|heidenske]] [[Saksen (folk)|Saksen]], gauris ûnder twang, ta it [[kristendom]] te bekearen, wurde de ôf te swarren goaden mei namme neamtneamd: "''[...] end ec forsacho allum dioboles uuercum and uuordum, Thunaer ende Uuōden ende Saxnôte ende allum them unholdum the hira genôtas sint [...]''" ("[...] en ik fersaakje alle wurken en wurden fan 'e duvel, [[Tonger (god)|Tonger]] en [[Weda]] en [[Saksnot]], en al dy duvels dy't harren selskipslju binne [...]"). Ut 'e brûkte wurden komt in beskate ynfloed fan it [[Aldingelsk]] en it [[Aldheechdútsk]] nei foarren, wat nei alle gedachten feroarsake is trochdat dat de memmetalen fan 'e kristlike [[sindeling]]en wiene dy't de Saksen besochten te bekearen.
 
De wichtichste Aldsaksyske teksten binne lykwols de ''[[Heliand]]'' ("Heilân"), in rûchwei yn 'e midden fan 'e [[njoggende iuw]] ûntstien [[epos]] oer it libben en de lear fan [[Jezus Kristus]], dêr't 5.983 regels yn [[stêfrym]]fersen fan oerlevere binne, en de ''Genesis'', trije fragminten mei stof út 'e [[Bibel]] (benammen út it earste bibelboek, ''[[Genesis (boek)|Genesis]]''), yn 337 stêfrymregels, krektlyk út 'e njoggende iuw.