Aäron: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 18:
Op in kear, krekt nei't Mirjam ferstoarn wie, wie der gjin wetter mear en begûn it folk wer ris Moazes en Aäron te ferwiten dat it better west hie yn Egypte te bliuwen ynstee fan yn de woastyn fan toarst om te kommen. De Heare joech doe Moazes en Aäron opdracht it folk byinoar te roppen en yn har oanwêzigens tsjin in rots te sprekken dat dy wetter jaan soe. Der soe dan genôch wetter foar it folk en it feest út de rots streame. Moazes en Aäron diene lykwols net sekuer wat har sein wie, mar hja hellen in stêf út it hillichdom fan de Heare en rôpen tsjin it folk ''"moatte wy jimme wetter út de rots komme litte?"'' en dêrnei sloech Moazes mei de stêf twa kear tsjin de rots. Foar de Heare wie dizze ôfwikende útfiering fan de opdracht in teken dat it fertrouwen op Him net grut wie en dit wie de reden dat Moazes en Aäron sels nea yn it ûnthjitten lân komme mochten (Numeri 20:2-13).
 
Nettjinsteande dit wurdt Aäron yn Psalm 106:16 ''de hillige fan de Heare'' neamtneamd.
== De dea fan Aäron ==
It waard Aäron net tastien om it lân Kanaän yn te gean. Dit wie om't der net harke wie nei God by it wetter fan Meribá. Moazes krige de opdracht om oan de grins fan Edom mei Aäron en syn soan Eleäzar de berch Hor opte gean. Dêr moast Moazes Aäron helpe de amtsklean út te dwaan en se oan de soan te jaan, want Aäron moast dêr stjerre. It folk Israël roude tritich dagen om de dea fan Aäron ([[Numeri]] 20:22-29). Neffens in oare tradysje soe Aäron (''Harun'' yn it [[Arabysk]]) stoarn wêze op de Jabal Harun (Berch fan Aäron) súdlik fan [[Petra (histoarysk plak)|Petra]] yn [[Jordaanje]].