Foederati: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 7:
 
== Sûnt de Keizertiid ==
Yn de earste iuwen nei it begjin fan de jiertelling krige it begryp foederati in rommere bestsjuttingbetsjutting. Earst waarden troch de Romeinen guon stammen as foederati oan harren bûn troch stipe mei jild of iten. Letter waard it foederati hieltyd faker tastien harren yn it Romeinske Ryk te festigjen. Troch dy feitlike opname yn it Ryk krigen de foederati ek in soartemint fan beskerming. Yn ruil dêrfoar betellen de foederati belesting oan de Romeinen: sy leveren Rome helptroepen foar it leger. In protte bekende Germaanske oanfierders dy't letter yn opstân komme soene tsjin Rome, lykas [[Arminius]], [[Julius Civilis]] en [[Alarik I|Alarik]], makken opgong yn it Romeinse leger.
 
De foederati waarden ynkertierd by grutgrûnbesitters dy't yn de grinsgebieten fan it Ryk wennen. Dat soe lang om let grutte gefolgen hawwe: grutgrûnbesitters dy't in soad jild hiene en nochal ûnôfhinklik fan Rome wienen, krigen troch de ynkertiering hieltyd mear muoite om harren belêsting oan Rome ôf te dragen. Dy ûntwikkeling late ta in belêstingherfoarming wêrby't de belêsting benammen lokaal organisearre waard. Dizze opdieling fan it Ryk yn lytsere belêstingdistrikten hat nei alle gedachten fan ynfloed west op de lettere territoriale opdieling fan it Romeinske Ryk.