Bad Nijeskâns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
L fl
Rigel 13:
Dizze nije [[skâns]] wie in ûntwerp fan yngenieur [[Matthijs van Voort]] en krige de foarm fan in regelmjittige fiifhoeke mei [[bastion]]s, mei wâlen en in [[grêft]] rûnom. De skâns krige in regelmjittich strjittepatroan mei yn de midden in eksersysjeterrein. Benoarden waard in [[slûs]] oanlein om it gebiet ûnderstrûpe litte te kinnen ([[inundaasje]]). Yn de 17e en [[18e iuw]] waard de festing noch fierder fersterke en útwreide.
 
Troch ynpolderjen kaam de skâns hieltyd fierder it lân yn te lizzen en ferlear it syn bestsjuttingbetsjutting. Yn [[1815]] waard de festing ferlitten troch it garnizoen en yn [[1870]] waard by [[Keninklik Beslút]] bepaald dat Nijeskâns gjin festing mear wie. Yn [[1882]] waarden de festingwurken oersljochte en de grêften tichtsmiten. Nei it oanlizzen fan it spoar festige meast lânbouyndústry har hjir.
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] kamen de treinen út [[Kamp Westerbork]] ûnderweis nei de [[ferneatigingskamp]]en (fral yn [[Poalen]]), oer Nijeskâns. Dêr waard it Nederlânske treinpersoniel ferfongen troch in Dútse bemanning.