Tút: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kultuer
L fl
Rigel 4:
Yn 'e westerske kultuer is in tút in útdrokking fan [[leafde]] of [[seksualiteit|seksuele]] oanlûking; twa minsken tútsje inoar dêrby op 'e lippen, of ien persoan tutet in oar op ferskate parten fan syn of har lichem.
 
Tútsjen kin ek in foarm wêze fan twa kunden dy goed meiinoar kinne, bygelyks by famylje. By famylje wurdt gjin tút op 'e mûle jûn mar op 'e wang. De eksakte wize hoe soks bart leit oan de kultuer en kin dêrtroch yn oare lannen in oare besjuttingbetsjutting ha. Ynternasjonaal binne twa tuten normaal, ien op eltse wang. Yn [[Nederlân]] wurde meastentiids trije tuten jûn. Yn [[Belgje]] wurdt faak mar ien tút jûn.
 
In tút kin ek in besjuttingbetsjutting ha fan respekt foar in wichtige persoan, lykas as immen de ring fan in [[Kening (titel)|Kening]] of [[Paus]] tutet. As [[paus Johannes Paules II]] yn in frjemd lân syn fuotten op 'e grûn sette, tute hy earst de grûn om syn respekt foar de [[ierde]] sjen te litten.
 
As der by in tút gjin leafde is, is it meastentiids symboalysk. By in romantyske of seksuele tút giet it bynammen om it lichem. Sadwaande duorret in romantyske tút langer en is folle yntenser as in symboalyske tút. In hiel yntense romantyske foarm fan in tút is it [[tongfrijen]].