Karel de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
L fl
Rigel 13:
Wat as in strafekspedysje tsjin de [[Saksen (folk)|Saksen]] begûn, waard al gau in wiidweidige oermastering en leauwensoarloch dy't 32 jier oanhâlde soe en dy't te boek steld waard as de [[Saksenkriich]]. Yn [[772]] foel er mei in grut leger de Saksen oan en de [[Friezen]] eastlik fan de [[Lauwers]]. Hy fersloech harren yn in tal slaggen en dêrtroch kamen it lêste ûnôfhinklik-bleaune Fryske gebiet en it lân fan de Saksen yn Frankyske hannen.
 
Under oanfiering fan [[Widukind]] kaamen de Saksen ferskate kearen yn opstân, dêr't ek de Friezen yn [[782]] oan meidien hawwe. Widukind joech him oer yn [[785]] en ek de Fryske opstân waard delslein. De tsjinstân fan de Saksen wie stiifsettich, earst yn [[804]] hawwe hja harren lang om let foar altiten deljûn. Under dy oarloch ûntstie it kweade sizzen fan de "bekearing mei izeren tongen", wêrmei't de twongen bekearing mei it swurd bedoeld waard. Hjirta furdige Karel in dekreet út, de [[Capitulatio de partibus Saxoniae]], wêryn foar it earst yn de westerske skiednis mei geweld in bekearingspolityk bedreaun waard. Yn [[797]] furdige Karel in nij dekreet út, ûnder ynfloed fan syn riedjouwer [[Ealwyn]], dat in wat sêftere bekearingspolityk besjuttebetsjutte. Dat dekreet wie de [[Capitulare Saxonum]]. Yn [[782]] kaam it ta de romrofte moarderij fan [[Verden]], dêr't neffens de oerlevering 4.500 Saksyske opstannelingen ûnthalze wêze soene.
 
By de Friezen late dy polityk ta in soad ûnfrede. Yn [[793]] kamen de gebieten eastlik fan de [[Lauwers]] dêr tsjin yn opstân, ûnder oanfieren fan de hartoggen [[Unno]] en [[Eilrad]]. Dy ôpstân late ta in tydlike weromfal nei it [[heidendom]]. Kristlike sindingen as Liudger waarden op 'e flecht jeie. Mar de opstân waard lykwols fuort troch de Franken delslein en de Friezen kamen op' e nij ûnder de kwint.