Spoarstasjon: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L sa dan mar
Rigel 1:
[[File:Gare du Nord Paris.jpg|right|thumb|250px|It [[Gare du Nord]] yn [[Parys]], ien fan 'e bekendste spoarstasjons fan 'e wrâld.]]
In '''spoarstasjon''', ek '''spoarweistasjon''' of '''treinstasjon''' of koartwei '''stasjon''', is in plak dêr't [[trein]]en stilhâlde en wer ôfsette, sadat reizgers yn-, út- of oerstappe kinne en guod yn- of útladen wurde kin. Stasjons besteane yn ferskillende foarmen. Guon lytse stasjons omfetsje bygelyks allinnich in [[perron]], in [[kaartsjesautomaat]], in [[abry]] en in plak om [[fyts]]en te stallen. Gruttere stasjons omfetsje behalven ferskate perrons en in [[ranzjearterrein]] ek in '''[[stasjonsgebou''']] mei [[loket]]ten (as dy noch net ferfongen binne troch automaten), in [[wachtromte]], [[húske]]s en faak ek in [[kiosk]], in [[restaurant]] en soms oare [[winkel]]s.
 
Yn 'e spoarwrâld wurdt ûnderskie makke tusken 'stasjons' en 'haltes': stasjons hawwe [[spoarsein|seinen]] en [[spoarwiksel|wiksels]], wylst haltes dêr net oer beskikke. It grutste type spoarstasjon is it [[sintraal stasjon]], dat sintraal leit yn in grutte [[stêd]]. It fungearret as begjin- en einpunt fan ferskate [[spoarline]]n, en kin wol tsientallen perrons omfetsje. Benammen by in sintraal stasjon, mar ek wol by oare stasjons, slute spoarlinen oan op oare foarmen fan [[iepenbier ferfier]], sadat reizgers oerstappe kinne op [[autobus|bussen]], [[tram]]s of [[metro|metro's]].
Rigel 14:
}}
 
[[Kategory:Stasjonsgebou]]
[[Kategory:Spoarwegen]]
[[Kategory:Yntroduksje út 1807]]