Federaasje fan Fryske Studinteferienings: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kepp
fansels
Rigel 3:
Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakten mei tal fan Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De [[Ried fan de Fryske Beweging]], de [[Fryske Rie]] en it [[Europeesk Buro foar de lytse talen]].
 
De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. It pronkstikje fan de Federaasje is dochs wol it jierlikse [[Krystkongres]] yn [[Frjentsjer]]. Alle jierren wurdt dit organisearre tusken [[Kryst]] en Nijjier. Meastentiids wurdt der dan in foarumdiskusje hâlden wêryn't de studinten harren fisy jaan kinne oer in bepaald tema. Ek is der alle jierren wer in Kabaretkriich mei datselde tema. Nei it serieuze part is der fansels ek tiid foar wat ûntspanning, dat de jûns is der gauris grut feest en der wurdt dan ek noch striden om de Bierkëlka (tsjelk foar de bierdrinkestafette tusken twa studinteteams). Foar de simmer wurdt der foar de oansletten selskippen in kamp organisearre. Yn de ûneven jierren is dat it [[It Amelân|Amelânkamp]], op in even jiertal wurdt der in Sylkampsylkamp organisearre. Ek is der alle jierren in 'federaasje-[[keatsen|keats]]wedstriid'.
 
Om dit alles yn goede banen te lieden hat de Federaasje fansels in Bestjoerbestjoer dat gearstald is út de leden fan de ferskillende oansletten selskippen. Foar tal fan saken binne der ek noch kommisjes dy't it bestjoer in protte wurk út hannen nimme.
 
== Keppelings om utens ==