Turkije: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Gül is al in tiidsje fuort
L fl
Rigel 58:
== Media ==
{{apart|Media yn Turkije}}
Yn Turkije binne der sa'n 300 tillefyzjestjoerders - wêrfan inkelde tsientallen nasjonaal útstjoere - en mear as 1.000 radiostjoerders dy't de steatsradio TRT bekonkurearjebekonkurrearje. Foar sjoernalisten binne tema's as Koerden, definsje en de politike islam gefoelige ûnderwerpen dy't liede kinne ta arrestaasje en ferfolging. Minskerjochtengroepen sizze dat sjoernalisten wol slein en opsletten binne troch de plysje. It is normaal wannear't in radio of tillefyzjestasjon in skoftke net mear útstjoere mei at se net dogge wat it regear seit. Omdat Turkije by de [[Jeropeeske Uny|Europeeske Uny]] wol, lit it regear de sjoernalisten mear gewurde as foarhinne. Mar neffens in rapport fan de belangenorganisaasje Reporters Without Borders út [[Parys]] waarden sjoernalisten yn 2006 juridysk beheind. It is ferbean om de Turkske nasjonale identiteit te misledigjen. Dêrfoar binne sjoernalisten en publisisten ferfolge. Koerdysktalige stjoerders meie sûnt juny 2004 wer útstjoere as ûnderdiel fan de herfoarmings om oan de [[Jeropeeske Uny|EU]] kritearia foar nasjonale minderheden te foldwaan. Der binne ek Koerdyske TV-stjoerders dy't fan bûten Turkije oer de satellyt útstjoere.
 
== Gallery ==