Winnipeg: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
 
Rigel 26:
'''Winnipeg''' is de [[haadstêd]] en grutste stêd fan de provinsje [[Manitoba]] yn [[Kanada]] en foarmet de grutste mienskip yn de Winnipeg Capital Region, dêr't mear as de helte fan de befolking fan Manitoba's wennet. It leit tichtby it geografyske sintrum fan [[Noard-Amearika]], op it plak fan de gearrin fan de rivieren de [[Red River of the North|Red]] en de [[Assiniboine (rivier)|Assiniboine]] (dat punt hjit ''The Forks'').
 
"Winnipeg" komt fan it [[Kree]]-wurd foar 'modderige wetters'. It gebiet om Winnipeg hinne wie in hannelssintrum foar de lânseigen befolking foardat de Jeropeanen kamen. It earste fort (''Fort Rouge'') waard dêr set yn [[1738]] troch Frânske fellehannelers. Nije hannelsposten waarden stifte troch de [[Hudsonbaai Kompanjy]] (''Hudson's Bay Company'') en de Noard West Kompanjy dy't elkoar fûl bekonkurearrenbekonkurrearren om de fellehannel yn de regio. De lêste kompanjy stifte Fort Garry yn [[1809]]. Yn [[1812]] waard der in delsetting stifte troch de saneamde Selkirkpioniers, de Red Riverkoloanje ûntstie, dêr't de kearn fan yn [[1873]] de City of Winnipeg waard. Ein [[19e iuw]] en begjin [[20e iuw]] wie Winnipeg ien fan de hurst groeiende stêden yn Noar-Amearika. Yn dy tiid waard ek de [[Universiteit fan Manitoba]] stifte, de earste universiteit yn West-Kanada.
 
Winnipeg stiet fanâlds bekend as de 'Poarte nei it Westen' (''Gateway to the West'') en is fan belang as yndustry-, lânbou-, ferfiers-, en ûnderwiissintrum.