Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 118:
== ''-aë-'' en ''-yë-'' ==
Sjoch [https://w.wiki/SDH hjir] en [https://w.wiki/SDG hjir]. Itselde ferhaal as hjirboppe. Dijkstra (1996) skriuwt: "De ''ë'' kin foarkomme yn 'e lûdkombinaasjes: ''eë'', ''ië'' en ''oë''." De kombinaasjes ''aë'', ''uë'' en ''yë'' foar't safier dy "yn twa wurdlidden ferdield wurde kin[ne]" en net yn eigennammen brûkt wurde binne dus mis. [[User:Drewes|Drewes]], [[User:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]]: iens? [[User:Wutsje|Wutsje]] 29 mai 2020, 19.54 (CEST)
:{{Ping|Wutsje}} 'Aë' en 'yë' moatte 'ae' en 'ye' wurde, dat bin ik mei jo iens. Dy beide letterkombinaasjes komme yn it Frysk net foar as twalûd, dus kin der gjin ûnwissichheid oer útspraak ûntstean. Itselde jildt foar 'uü', yn bgl. "fakuüm" (moat "fakuum" wêze), want ek de letterkombinaasje 'uu' komt net as ien klank yn it Frysk foar. Wat 'uë' oanbelanget leit it neffens my oars, mar dat sil ik by de diskusje hjirboppe opskriuwe. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 29 mai 2020, 23.43 (CEST)