Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 115:
:{{Ping|Wutsje}} Goeie. Jo hawwe neat mist, ''uele'' moat it wêze. [[Meidogger:Drewes|Drewes]] ([[Meidogger oerlis:Drewes|oerlis]]) 20 mai 2020, 12.09 (CEST)
::Dan sil ik hjir ynkoarten mar ris oer gear. [[User:Wutsje|Wutsje]] 29 mai 2020, 19.54 (CEST)
:::{{Ping|Wutsje}} Ik hie hjir eefkes wat earder reägearje moatten, mar dit is by my lâns gien. No ja, noch gjin man oerboard. Mar ik bin it hjir net alhiel mei iens. Oars as by 'ae', 'ye' en 'uu' dy't yn it Frysk nea as ien klank foarkomme en dus net as 'aë', 'yë' en 'uü' skreaun wurde moatte, komt 'ue' wol as twalûd foar. Jo helje hjirboppe "Dijkstra (1996)" oan; ik nim oan dat jo dêrmei it boekje ''Stavering'' fan 'e Afûk bedoele. Ik lês dêr op side 45: ''"It dielteken (trema) wurdt allinne brûkt, wannear't sûnder dat dielteken útspraakbetizing te ferwachtsjen is en om oan te jaan, dat de twa opienfolgjende lûden, dy't tegearre ek in lang lûd of in twalûd foarmje kinne, net ta itselde wurdlid hearre. [...] Wannear't by frjemde wurden gjin útspraakbetizing te ferwachtsjen is, wurdt it dielteken meast weilitten: reaksje (of: reäksje); realisme (of: reälisme); alinea (of: alineä); kreatyf (of: kreätyf). It dielteken mei '''net''' weilitten wurde by: beämte (= amtner), ferlykje: beamte (= beammeguod). It is dêrom oan te rieden om yn gefal fan twivel altyd wol it dielteken te brûken. Dêrmei hoedzje jo josels foar misferstannen en útspraakflaters."'' Dus koartsein, better dermei ferlegen as derom ferlegen. It liket my dan ek dat de skriuwwize "yndividuën" wat foar hat boppe "yndividuen", en dat "yndividuën" yn elts gefal net fout is. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 29 mai 2020, 23.56 (CEST)
 
== ''-aë-'' en ''-yë-'' ==