Dream: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 20:
In hiel oare en resinte teory fan de dream is basearre op de fysiology fan de harsens, en komt fan Hobson en McCarley. Dizze teory is bekend woarn as de 'aktivaasjeteory'. Koartsein komt dizze teory der op del dat yn de dreamsliep flugge eachbewegingen optrede. Dit wurdt ek wol remsliep ([[Remsliep|Rapid Eye Movement]]) neamd. Yn de remsliep wurde yn de harsens gebieten aktivearre dy't yn de waaktastân allinnich aktyf binne as se fisuele yndrukken út de omjouwing ûntfange. Yn de sliep ûntbrekt dizze ynput, en besiket it rasjonele brein de gaoatyske (benammen fisuele) belevingen yn de harsens ta in wat gearhingjend ferhaal te smeien.
 
Dizze teory kin ek ferklearje wêrom't de dreamynhâld faak frjemd of bizar is. Neffens de psychoanalytyske dreamteory fan Freud komt dit omdat in ''sensor'' de dreamynhâld ferdraait. Dizze befettet namentliknammentlik ûnderdrukte wisnken dy't bedriigjend binne foar it bewustwêzen. De sensor wurket dus als in soarte ''ferfoarmer'': in masine dy't de dreamynhâld yn in symboalyske koade ferpakt.
 
Aktivaasjesyntezeteory giet út fan in ienfâldiger prinsipe. De dreamynhâld is yndie gaoatysk en singelier. Mar soks komt trochdat de fysiologyske aktivaasjes yn de fisuele skors, troch it ûntbrekken fan eksterne prikels, strukuer yn tiid en romte misse. It 'rasjonele' brein besiket no dizze rûge ynformaasjestream te yntegrearjen. Neffens dizze fyzje wurket de dreamsliep dus earder as ''synthesizer'': in masine dy't rûge yndrukken en ûnderfinings gearfoeget.