Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 118:
::::Ik lês sokke boarnen altyd mei in taalkundige fariant fan ''lex specialis derogat legi generali'' yn 'e holle. Dijkstra set yn paragraaf 9 de algemiene regels oer it dielteken útein en jout dan yn 9.1 o/m 9.2.4 spesjale regels foar (kombinaasjes mei) de ''ë'', wêrûnder dus wat ''uë'' oanbelanget de regel dy't ik hjirboppe neamde, mei as foarbyld no krekt ''yndividuen''. Ik kin my hast net yntinke dat by wurden as ''rituele'' of ''seksuele'' twifel oer de útspraak mooglik is (lyk sa't dat yn it Hollânsk ek net sa is).
::::Uteinlik is de fraach fansels: folgje we de boarnen? It foarbyld fan de "[[Oerlis:Fise-presidint|vice-presidint]]" liet al wol sjen, dat soks net altyd wiis is. Ik bin benijd hoe't oaren der oer tinke. [[User:Wutsje|Wutsje]] 30 mai 2020, 01.07 (CEST)
:::::Tsja, Wutsje, in hiel soad, sanet de measte, fan 'e "uële"-s en "uën"-s yn 'e Wikipedy binne fan myn hân. Ik hie my Dijkstra syn útspraak goed ynprinte dat je yn gefal fan twifel altyd wol in dielteken brûke moatte. Ik bin no wend om dy foarmen te skriuwen. As jo dêrfan by guon of alle it dielteken fuorthelje, sil ik dêr net fuort lulk om wurde of sa, mar ik wit net oft ik wol ree bin om op te hâlden sokke wurden op dy wize te staverjen. "Uële" staverje as "uele" kin ik my noch wol yn fine; ik kin gjin wurden mei it twalûd 'ue' betinke dy't dêr op rime. By "yndividuën" is it oars, want je hawwe ek wurden as "fluen" en "fluensk", dêr't de letterkombinaasje 'uen' as twalûd foarkomt. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 mai 2020, 23.13 (CEST)
 
== ''-aë-'' en ''-yë-'' ==