Wikipedy:Oerlisside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎-uële: wer 2 st
Rigel 119:
::::Uteinlik is de fraach fansels: folgje we de boarnen? It foarbyld fan de "[[Oerlis:Fise-presidint|vice-presidint]]" liet al wol sjen, dat soks net altyd wiis is. Ik bin benijd hoe't oaren der oer tinke. [[User:Wutsje|Wutsje]] 30 mai 2020, 01.07 (CEST)
:::::Tsja, Wutsje, in hiel soad, sanet de measte, fan 'e "uële"-s en "uën"-s yn 'e Wikipedy binne fan myn hân. Ik hie my Dijkstra syn útspraak goed ynprinte dat je yn gefal fan twifel altyd wol in dielteken brûke moatte. Ik bin no wend om dy foarmen te skriuwen. As jo dêrfan by guon of alle it dielteken fuorthelje, sil ik dêr net fuort lulk om wurde of sa, mar ik wit net oft ik wol ree bin om op te hâlden sokke wurden op dy wize te staverjen. "Uële" staverje as "uele" kin ik my noch wol yn fine; ik kin gjin wurden mei it twalûd 'ue' betinke dy't dêr op rime. By "yndividuën" is it oars, want je hawwe ek wurden as "fluen" en "fluensk", dêr't de letterkombinaasje 'uen' as twalûd foarkomt. [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 30 mai 2020, 23.13 (CEST)
::::::Ik doch fansels neat wêr't net eltsenien it oer iens is. Mar ik bin sa súntsjesoan wol nijsgjirrich wat dy staveringslju by de Akademy no eins de hiele dei dogge. Dit liket nei fleanen, it is hast noch minder as de Taalunie yn it Hollânsk. Ik haw gjin muoite mei it idee fan in foarkarstavering, mar dy moat dan wol konsistint wêze, oars kinne jin yn feite like goed kieze foar de Reade bwarre-stavering. As ik yn Ljouwert wenne, fytste ik der ris hinne. [[User:Wutsje|Wutsje]] 31 mai 2020, 01.19 (CEST)
 
== ''-aë-'' en ''-yë-'' ==