Feriene Steaten: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
L fl
Rigel 299:
Hoewol’t de kultuer oer it generaal los sjoen wurdt fan de Europeeske kultuer moat de Amerikaanske kultuer wol sjoen wurde as ûnderdiel fan de Westerske beskaving, lykas de dominante kultueren fan oare ymmigraasjelannen as [[Kanada]], [[Austraalje]] en [[Nij-Seelân]]. It kulturele erfskip fan de ferskillende groepen kolonisten is ornaris noch goed te merkbiten yn datjinge wat de Europeanen en Latynsk-Amerikanen no as `typysk Amerikaans` of `Anglo-Amerikaansk` sjogge. Dat docht bygelyks bliken út in ryk ferskaat oan kristlike streamingen yn de Feriene Steaten: de teologyske grûnslaggen kinne faak as Ingelsk yndield wurde, mar der binne net in soad selskippen dy’t in relaasje hawwe mei de [[Anglikaanske Tsjerke]]. De Afro-Amerikaanske kultuer hat benammen yn de muzyk en ferdivedaasje syn spoaren neilitten op it Amerikaanske erfskip. De kulturele yndrukken dy't de oarspronklike bewenners, de Yndianen, neilitten hawwe binne amper te merkbiten. Allinnich yn topografiske nammen komme relatyf noch in soad Yndiaanske wurden foar.
 
De Amerikaanske kultuer hat in grutte ynfloed op de rest fan de wrâld mei films, tv-searjes, literatuer, taal en moade. De spikerbroek, it T-shirt en it baseballpetsje komme fan oarsprong út de Feriene Steaten. Popmuzyk út de Feriene Steaten is oer de hiele wrâld te hearren. Dy muzyk is foar in grut part ôflieden fan muzykfoarmen lykas country and western, blues en jazz. In protte grutte muzikanten en wichtige orkesten yn de westerske klassike muzyk komme of kamen út de Feriene Steaten. Der binne oer de hiele wrâld populêre ikoanen út de Amerikaanske kultuer bekend: [[Walt Disney]], [[John Wayne]], [[Elvis Presley]] en [[Marilyn Monroe]]. Resintere foarbylden binne [[Madonna]] en [[Michael Jackson]]. New York City wurdt sjoen as in sintrum foar opera en ynstrumintale muzyk en hat it romrofte Broadway-teaterdistrikt dêr’t ûnder oaren in soad musicals te sjen binne. [[New York (stêd)|New York City]] en [[San Francisco]] binne oer de hiele wrâld lieders yn grafysk ûntwerp en New York en [[Los Angeles]] konkurrearje mei Europeeske moadestêden as [[Londen]], [[Parys]] en [[Milaan]] yn de moade-yndustry. Amerikaanske films (meast opnommen yn [[Hollywood]]) en tv-programma`s kinne yn grutte dielen fan de wrâld sjoen wurde. FilmyndustryënFilmyndustryen yn oare dielen fan de wrâld brûke nammen dy’t lykje op de namme Hollywood: Bollywood yn Bombay, Nollywood yn Nigearia. De grutte Amerikaanske fastfoodrestaurants, dêr’t bytiden in soad krityk oer is, hawwe sawat oeral op de wrâld fêstigingen. Dêr kin by sein wurde dat Amerikaanske kapitaalyntinsive kultuerprodukten as TV en film it foardiel fan in grutte ynlânske merk hawwe yn ferliking mei dy út oare dielen fan de wrâld. Hja kinne, at se yn de Feriene Steaten suksesfol west hawwe, dus foar konkurrearjende prizen oer de hiele wrâld ferkocht wurde.
 
Net alle kulturele eleminten út de Feriene Steaten hawwe sukses yn oare lannen. Amerikaanske sporten lykas [[American football]], [[honkbal]] en [[basketbal]] binne yn [[Europa]] fan lyts belang. Amerikaanske tv-dûmny’s binne somtiden wol op Europeeske tv-stasjons te sjen, mar de ynfloed is navenant lyts en de argewaasje fan Europeeske kristenen is bytiden grut.