Ferskil tusken ferzjes fan "Archimedes"

L
fl
(red)
L (fl)
Argimedes waard berne yn [[Syrakuse (Italië)|Syrakuse]] yn [[287 f.Kr.]] Hy wie soan fan de stjerrekundige Fidias, en hearde by de famylje fan [[Hiëro II]], hearsker fan Syrakuse. Hy studearre yn de wichtige 'universiteitsstêd' [[Aleksandrje]] mei syn ferneamde [[Bibleteek fan Aleksandrje|bibleteek]], dêr't er learling wie fan [[Euklides]]. Hy rekke der befreone mei [[Eratosthenes]].
 
Nei syn stúdzjes gong er werom nei Syrakuse, en lei him ta op alle ûnderdielen fan de wiskunde en de fysika, dêr't er in master in waard. Hy hâlde him oeral mei dwaande, fan de abstrakte matematika oant de praktyske meganika en de resultaten fan syn ûndersyk skreau er op yn in rige monografyënmonografyen, dêr't tsien fan bewarre bleaun binne.
 
Troch de ûntdekking fan de nei him ferneamde ''wet'' koed er bewize dat de gouden kroan fan Hiëron ferfalske wie troch in edelsmid, dy't der sulver oan tafoege hie. Neffens de oerlevering soed er - neidat er it teoretyske bewiis levere hie - entûsjast oer strjitte rûn hawwe en raasd hawwe: ''"Eureka, eureka!" = "Ik haw it (fûn), ik haw it (fûn)!"''
11.733

bewurkings