Historia Augusta: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 2:
 
== It skriuwersfraachstik ==
De tritich boeken binne oerlevere op namme fan seis skriuwers, te witten: Aelius Lampridius, Aelius Spartianus, Julius Kapitolinus, Fulkasius Gallikanus, Trebellius Pollio en Flavius Fopiskus. Hja pretindearren te skriuwen yn de earste helte fan de [[4e iuw]], de tiid fan de keizers [[Diokletianus]] en [[Konstantyn de Grutte]] dêr't de measte biografyënbiografyen oan opdroegen binne.
 
Yn 1889 toande [[Hermann Dessau]] yn syn baanbrekkende ''Über Zeit und Persönlichkeit der Scriptores Historiae Augustae'' oan, dat de seis auteurs [[pseudonym|pseudonimen]] binne fan fermoedlik ien auteur dy't op de ein fan de fjirde iuw ûnder it regear fan [[Teodosius I]] skreau. It oanfurdzjen fan dizze [[teze]] krong mar stadichoan troch by de gelearden en op it heden binne der noch mar in pear oerbleaun dy't leauwe dat de Historia Augusta destiids yndied troch seis auteurs skreaun binne.
Rigel 8:
It wurk, dat allinnich it libben fan heidenske keizers beskriuwt, kin besjoen wurde yn de kontekst fan de [[polemyk]] tusken it Kristendom en de tradysjonele Romeinske religys.
 
Ta de boarnen fan de Historia Augusta heare mooglik de yn distiid ferlern rekke keizerbiografyënkeizerbiografyen fan de skriuwers [[Marius Maksimus]], [[Deksippus]], [[Eunapius]], en de saneamde ''Enmannsche Kaisergeschichte''. De Grykske skiedskriuwers [[Herodianus]] en [[Kassius Dio]], dy't yn it earste fearn fan de tredde iuw skreaunen, binne wol bewarre bleaun, en waarden ek troch de skriuwers fan de Historia Augusta brûkt.
 
== Keppeling om utens ==