Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alpinu (oerlis | bydragen)
L →‎Toanfoarming: French spelling (François-Étienne)
L fl
Rigel 16:
Sûnt yn de [[19e iuw]] de Barokmuzyk wer spile waard, wurde der ek wer klavesimbels boud en bespile. Ien fan de earsten dy't dêr mei begûn, wie de Ingelsman fan Frânske komôf Arnold Dolmetsch (1858-1940). Yn it begjin fan de [[20e iuw]] bouden de firma's Erard, Pleyel en Neupert dizze ynstruminten noch fuortbouwend op de fierder ûntwikkele pianobouwize, mei dikke kastwanden en sûnder boaiem ûnder de kast, Fierders waarden dizze ynstruminten foarsjoen fan tal fan registers om klankferoaringen mooglik te meitsjen. It folume fan dizze ynstruminten wie swak, de klank keal en net botte sjongend.
 
Nei de Twadde Wrâldkriich begûn men kopyënkopyen te meitsjen fan ynstruminten út de 17e en 18e iuw. Dizze kopyënkopyen hiene tinne kastwanden en in boaiem, sadat dizze sletten klankkast soarge foar in folle grutter folume! Yn deselde perioade begûn men ek wer âlde stimmingen te brûken. Omdat klavesimbels fanwege alle hânwurk djoer wiene, waarden der nei 1960 ek klavesimbels yn de foarm fan boupakketten op de merk brocht, dizze boupakketten kinne tige goed klinkende ynstruminten opleverje, al moat men fansels wol krekt wurkje kinne.
 
[[Kategory:Toetsynstrumint]]