Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Rigel 32:
De troepen fan hartoch Jan fan Beaumont kamen noardlik fan Starum op 'e wâl en teagen fuort op de stêd oan. It leger fan greve Jan fan Henegouwen soe fan de oare kant nei Starum ta komme en gongen by [[Laaksum]] it lân op. De doarpen Laaksum en Warns waarden yn 'e brân stutsen troch de troepen fan Jan fan Henegouwen. By Warns begûn it tsjinoffensyf fan de Friezen. De [[ridder]]s mei har swiere harnassen en sûnder hynders wienen gjin sterke partij tsjin it Fryske leger dat út boeren en fiskers bestie. Dêrtroch moasten de Hollanners flechtsje nei it Reaklif ta. Yn de sompige grûn by it klif waarden de Hollanners ferslein. Dêrby koe ek greve Willem it libben net mear hâlde. Doe't de troepen fan de hartoch fan Beaumont dat hearden woenen ek sy weromflechtsje. Underweis nei de skippen ta waarden de Hollanners folge troch de Friezen. Lang om let koe der mar in lyts part fan dat leger weromkomme nei [[Amsterdam]].
 
=== StrategyënStrategyen ===
De strategyënstrategyen fan de Hollanners yn de Slach by Warns dienen gjin fertuten. Yn it foarste plak waard de legermacht fan de Hollanners yn twa groepen opdield.
 
Willem kaam noardlik fan Starum oan lân en Jan fan Beaumont súdlik fan de stêd. Boppedat sette Willem gleonhastich op Starum oan sûnder te wachtsjen op syn bôgesjitters. It slagge Willem en 500 man kriichsfolk om by it Sint-Odulphuskleaster te kommen omdat de Friezen har bewust komme lieten. De Friezen koenen dêrtroch Willem en syn 500 man fan de oare troepen skiede en him oer it mêd komme. Dêrnei weefden de Friezen mei de oare troepen ôf dy't net mear werom koenen nei de skippen om't dy te fier foar de kust leinen.