Freark Dam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
red
Rigel 1:
'''Freark Dam''' ([[Ketlik]], [[2 july]] [[1924]] - [[Snits]], [[4 july]] [[2002]]) wie in Frysk [[sjoernalist]], [[oersetter]] en [[dichter]] en hat in soad út de wei set foar de Fryske literatuer.
 
Freark Dam wie in soan fan Wieger Dam. Hy gie nei de W. A. Nijenhuis-skoalle yn Ketlik en ferfolgensdêrnei nei de [[MULO]] op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. Letter folge er in oplieding ta útjouwer en helle er de MO-akte [[Nederlânsk]] en [[Frysk]].
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan [[1944]] en bedarre yn in Dútsk finzenkamp; yn juny 1945 kaam er siik werom. Yn [[1941]] debutearre Dam as dichter yn it tydskrift '[[It Heitelân]]'.
 
WenneHy wenne yn [[Feanwâlden]] en wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden '[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]' en '[[De Strikel]]', hie er in protte kontakten yn de Fryske literêre wrâld.
 
Teffens hat er konservator fan it [[Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum]] west fan [[1969]] oant [[1986]].
Hy wie belutsen by it útjaan fan it samle wurk fan sawol [[Fedde Schurer]] as [[Obe Postma]].
 
Syn literêre produksje wie lyts. Yn [[1946]] ferskynde de dichtbondel 'Under fjouwer eagen' en yn [[1960]] ferskynde 'Sa sydlings'. De oarloch wie in wichtich tema yn syn wurk. It gedicht 'De Joadebern' is in klassyk betinkingsgedicht wurden.
 
== Wurk ==