Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Frysk
oars en mear
Rigel 15:
| jierren aktyf =
| reden bekendheid =
| bekendste wurk(en) = ''Stads- en dorpskroniek van Friesland (1800-1900)'', ''"Wumkesbibel"''
| prizen =
| webside =
Rigel 26:
Nei syn stúdzje teology yn [[Doetinchem]] en dêrnei yn [[Utert (stêd)|Utert]] waard hy herfoarme dûmny yn [[Hoarn (Skylge)|Hoarn]] op [[Skylge]], yn [[Roan]], [[Stryp]] en yn in [[Snits (stêd)|Snits]]. Hy wie mei oprjochter yn [[1908]] fan it [[Kristlik Frysk Selskip|Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer]]. Ds. Wumkes wie fan [[1910]] oant [[1936]] learkrêft [[Hebriuwsk]] op it Snitser Gymnasium. Yn [[1924]] waard er beneamd ta bibletekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de [[Fryske ûnderwiisrie]], dy’t bysûndere learstuollen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn [[Amsterdam]] en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan [[Fryslân]].
 
Yn 1900 troude Wumkes mei Alida Sap (1871-1945), dochter fan in skipsgesachfierder.<ref>Alida Sap waard op 15 jannewaris 1871 berne oan board fan de skoender "Otto", wêr't har heit gesachfierder fan wie. It skip wie ûnderweis fan Rio de Janeiro nei Falmouth (sjoch de berte-akte op [http://allefriezen.nl/zoeken/deeds/6bebc20e-3de7-43a4-0700-c03ed6978c7e AlleFriezen.nl]).</ref> Tegearre krigen se in dochter en twa soannen: Margaretha Alida Wumkes (1902-?1996), de mem fan skriuwer [[Dirk Ayelt Kooiman]] (1946-2018), Dirk Aijelt Wumkes (1904-1995), learaar oan in gymnasium, en ds. Ate Dirk Wumkes (1911-2001), ek predikant.
Wumkes ferstoar op 7 maaie 1954 op 84-jierrige leeftyd yn Huzum.
 
Wumkes ferstoar op 7 maaie 1954 op 84-jierrige leeftyd yn Huzum.
Yn 1900 troude Wumkes mei Alida Sap (1871-1945), dochter fan in skipsgesachfierder. Tegearre krigen se in dochter en twa soannen: Margaretha Alida Wumkes (1902-?), de mem fan skriuwer [[Dirk Ayelt Kooiman]] (1946-2018), Dirk Aijelt Wumkes (1904-1995), learaar oan in gymnasium, en ds. Ate Dirk Wumkes (1911-2001), ek predikant.
 
== Wurk ==
=== Fryske preken ===
Ds. Wumkes hat in soad betsjutten foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in preek yn it Frysk die. Dat die er op [[3 jannewaris]] [[1915]] yn de Herfoarme tsjerke fan [[Tsjom]]. Hy sei: ''Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat''. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy't allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbjustere diakens en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it [[Nederlânsk]] (Tale Kanaäansk) hearre. Hja rûn de tsjerke út mei de wurden "Wy hawwe hjir komeedzje yn ’e tsjerke". It soe Wumkes net ûntmoedigje en hy preke dêrnei noch gauris yn it Frysk. De teksten fan syn Fryske preken waarden samle en mei in soad súkses útjûn.<ref>Mei Pinksteren yn maaie 2015 waard dy earste Fryske preek fan 100 jier earder betocht mei de bondel ''Pioniers sûnder folgers. It Frysk yn tsjerke nei mear as 100 jier''.</ref>
 
=== Kristlik Frysk Selskip ===
Rigel 44:
 
=== Bibeloersetting ===
Nei syn pinsjoen begûn Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de Bibel yn it Frysk. Mei stipe fan [[E.B. Folkertsma]] brocht Wumkes it [[Nije Testamint]] út yn [[1933]] en it [[Alde Testamint]] yn [[1943]]. De "Wumkesbibel" soe oant 1978 de iennige komplete Fryske bibeloersetting bliuwe.
=== Bibletekaris ===
Rigel 87:
== Ferskaat ==
* Op [[De Jouwer]] is de [[Dr. Wumkesskoalle]] en yn Snits in soarchsinrum nei him ferneamd.
* Wumkes wie mei-ûntwerper fan it wapen fan de eardere gemeente Roan.<ref>{{nl}}[https://resolver.kb.nl/resolve?urn=ddd:010669170:mpeg21:a0205 [[Nijsblêd fan it Noarden]], 24 july 1928 - ''Gemeenteraden: Roden'']</ref>
* Yn Bûtenpost, Frjentsjer, It Hearrenfean, De Jouwer, Kollum, Ljouwert, Snits en Stiens binne strjitten nei him neamd.