Fleantúch: ferskil tusken ferzjes

L
fl
No edit summary
L (fl)
Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] soarge de wapenwedrin tusken it ûntstiene [[Warsjaupakt]] en de [[Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje|NAFO]] ta in bliuwende prikkel om mei nije fleantugen te kommen. De fleantugen moasten heger, flugger en langer yn de loft bliuwe kinne. [[Chuck Yeager]] gie troch de [[lûdsbarriêre]], spionaazjefleantugen fleagen dêrnei oant trije kear sa hurd as it lûd (de [[Lockheed SR-71 (Blackbird)]]. Ek waard mei de yntroduskje fan de [[F-16 Fighting Falcon|F16]] in fleantúch yntrodusearre dat allinnich fleane koe mei help fan in [[kompjûter]], it saneamde [[fly-by-wire]]-prinsipe.
 
Yn dyselde tiid kaam ek it massatoerisme op in de westerske lannen. Net allinnich waarden de passazjiersfleantugen geandewei grutter, lykas de [[Boeing 747]], mar ek sneller, mei as hichtepunt de [[Supersoanyske snelheid|supersoanysk]]e [[Concorde (fleantúch)|Concorde]]. Yn dyselde tiid ûntwikkele him ek de [[Priveejet|privee- of sakejet]], sadat wichtige sakelju net bûn wienen oan fleantiden en krappe fleantugen. Flak foar it útienfallen fan it Warsjaupakt en de [[Sovjet-Uny]] waard de [[Stealth (technyk)|stealth]]-technyk tapast op oare fleantugen as allinnich de spionaazjefleantugen. De ûntwikkeling fan it gefjochtsfleantúch giet sûnt de fal fan it [[kommunisme]] minder hurd. De Europeeske lannen rinne tsjin enoarme ûntwikkelingskosten op, wêrtroch't se mei lijen de [[Eurofighter Typhoon|Eurofighter]] fan de grûn witte te krijen. Lytsere lannen, lykas Taiwan, IsraëlIsrael, Korea en Sweden witte de holle boppe wetter te hâlden troch it meitsjen fan militêre fleantugen dy't basearre binne op besteande techniken, wylst de kosten foar de Amerikaanske [[Joint Strike Fighter|F-35 Lightning II]] allinnich mar oprinne. Yn de boargerloftfeart geane de ûntwikkelings lykwols troch. Airbus kiest foar grutter mei de dûbeldeks [[Airbus A380|A380]]. Boeing kiest foar sunich en miljeufreonliker mei ûnder oarende [[Boeing 787|787]].
 
{{Commonscat|Aircraft}}
12.855

bewurkings